Direkteur Weissenbach wint rjochtsaak tsjin Caparis

Caparis hat ek de rjochtsaak tsjin direkteur Klaas Weissenbach ferlern. Weissenbach sit fan maart ôf thús om't der neffens direkteur Ben Gerrits ûnregelmjittichheden wêze soene mei de kontrakten fan Weissenbach en de oare direkteur Tjerk Sinnema. Sinnema wûn earder al syn saak en is wer oan it wurk, Gerrits sit siik thús.
Ek Weissenbach moat fan de rjochter wer oan it wurk litten wurde, op lêst fan in twangsom. Fia syn advokaat Joost Funke lit Weissenbach witte dat hy kontint is mei de útkomst en dat hy sa gau as mooglik wer oan it wurk wol.
Hy hat syn advokaat frege gjin ynhâldlike meidielings te dwaan oer de útkomst omdat hy gjin diskusje mei syn wurkjouwer hawwe wol fia de media.
Ried fan kommissarissen
De ried fan kommissarissen hat earder oanjûn dat se opstappe sille as se de saak tsjin Weissenbach ek ferlieze soe. Siem Jansen hat befêstige dat as Weissenbach de saak wint, hy opstapt. Wat de oare beide leden fan de rfk dogge is noch net bekend. Robert Veenstra is de foarsitter fan de ried fan kommissarissen, Hugo van Woerden lid.
Sjoerd Feitsma
Ljouwerter wethâlder Sjoerd Feitsma sil him beriede syn stânpunt nei de útspraak fan de rjochter. Tongersdeitejûn wurdt de útspraak bepraat yn in gearkomste fan oandielhâlders, wethâlders fan de GR en de trije leden fan de ried fan kommissarissen. Feitsma giet der fanút dat ek Siem Jansen hjir by oanskood.
Feitsma is nijsgjirrich nei de reaksje fan de ried fan kommissarissen en de ynterim bestjoerder op dizze rjochterlike útspraak en de no ûntsteane situaasje. Feitsma hâldt foarearst fertrouwen yn de rfk. Foar him stiet lykwols foarop dat it belang fan de wurknimmers fan Caparis it meast wichtich is.