Kantele frachtwein soarget foar file

13 jul 2016 - 10:38
  • De kantele frachtwein

In strâne frachtwein soarget foar oerlêst foar it ferkear op de A6 fan Emmeloard nei De Jouwer. De frachtwein is fan 'e moarn by Bant troch noch ûnbekende oarsaak yn de berm telâne kaam. De trailer is diels kantele, wylst de kabine op de flechtstreek stiet. Bergers binne dwaande de frachtwein fuort te heljen. Dit soarget foar in kilometers lange file.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)