Swiere mishanneling yn Snits

Plysje © ANP XTRA
De plysje hat freedtenacht in 38-jierrige frou en in 29-jierrige man út Snits oanholden foar swiere mishanneling. Yn in hoarekasaak oan de Kruizebroederstraat yn Snits makke de frou opmerkingen tsjin in Snitser fan 25 jier. Dêrop ûntstie spul. De beide fertochten sloegen de man, wêrtroch't er troch it rút fan de tagongsdoar fan de kroech foel.
It slachtoffer rekke ferwûne en moast mei de ambulânse nei it sikehûs. De fertochten binne fêstset op it plysjeburo.