Feestwike Balk tenei mei dúdlike lûdsgrinzen

13 jul 2016 - 10:29
  • It sintrum fan Balk

De gemeente De Fryske Marren hie mei de feestwike yn Balk yn 2014 dúdlike lûdsgrinzen yn de fergunning opnimme moatten. Dat seit de Ried fan Steat. De útspraak hat gjin gefolgen foar de feestwike yn 2014, mar is wol fan belang foar kommende eveneminten yn de gemeente, benammen op it Treemterplein yn Balk.

It Kleintje Feestweek Balk is fanwege de ûndúdlikens oer de regels al skrast, mar foar augustus stiet de Grote Feestweek Balk op it programma. Dan sil de gemeente dúdlike grinzen oan it lûd stelle moatte.

De Stichting Feestweek Balk is foar de noarmen, sadat eltsenien wit wêr't hy oan ta is. De útspraak is in oerwinning foar Balkster Hammie Kramer. Dy wennet neist it eveneminteplein en hat al jierren klachten oer de lûdsoerlêst fan de feesten op it plein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)