Gaslek Dokkum reparearre

Gaslek Dokkum © De Vries Media
Bewenners fan in flat oan de Mearsloatswal yn Dokkum moasten fan 'e moarn harren hûs út fanwege in gaslek. By wurksumheden oan de strjitte waard in haadlieding rekke. Om't der hast gjin wyn stie, bleau it gas hingjen. De bewenners binne opfongen yn in skoalle fierderop yn de strjitte. De netbehearder hat it lek tichtmakke, wêrnei't de bewenners werom koene nei harren appartemint.