Kollum: "Nije útfiningen"

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side eelkesweblok.nl.
"We libje yn in nije tiid en dêr kin we fan profitearje. Der wurde bygelyks alderhande nije dingen útfûn, dêr kin we in soad wille fan ha. Sa hat de gemeente Menameradiel in útfining dien: in nije wize fan ûnkrûd tusken de tegels weihelje. It is gjin wjudzjen, dat doch je yn in tún. It is sis mar ûnkrûd bestride. De nije Menameradielse metoade soe o sa goed wêze foar it miljeu. Gjin Round Up mear. Dan bin je nijsgjirrich, want wat soenen se dan yn Menameradiel útfûn hat om dan dat ferrekte grien tusken de tegels en strjitstiennen wei te heljen. Eeeh, no ja, it is in kombinaasje fan hite lucht, boarstelje, fege en hânmjittich ferwiderje. Ik stie ferstomd. Dat we dêr net earder oan tocht hienen. Tsjonge jonge, wat bin wy in steltsje kloaten. Sterker, ik tocht by it earste lêzen dat se in masyntsje útfûn hiene dat alles docht. Mar dat it dêrnei dan hânmjittich ôfmakke wurdt. Earst mei de biezem en dan mei de klauwen. Echt wol knap betocht hear.
Hoewol, it is wol trije kear sa djoer as fergif spuitsjen. Benammen om't je no nochal wat langer wurk ha om dat ûnkrûd tusken de tegels wei te krijen. Mar se wurkje dêre net hurder of langer. Oeral bliuwt dus ûnkrûd sitten yn Menameradiel. Inkeld om't in nije metoade útfûn is. Of eins in âlde metoade, der sit neat nijs yn. We ha’t allegear op dy wize besocht. En it is nea wat wurden. Hânmjittich bin ik der ek al mei ophâlden, it ûnkrûd waakst je ommers ûnder de hannen wei omheech. Ik doch no struisâlt. Al stiet it idioat midden yn ’e simmer wintersk struisâlt op de tegeltsjes te smiten, mar it wurket wol. Ja, nee, it is fansels net goed foar it miljeu. Sâlt is foar ús net goed, hoe soe’t dan wol goed wêze foar de tún. Dus Menameradiel gjin sâlt, mar dus gewoan ûnkrûd. Inkeld as der ynienen in soad misdiedigers binne mei wat taakstraffen, dan wurdt der twa dagen mei hite lucht wat op ompield, dan efkes boarstelje mei de trekker fan de iisbaan. En dy straften sitte dêrnei op harren gemak it ûnkrûd wat te aaien.
In nije útfining is ek by it wetterskip Fryslân dien. In ûnder wetterdrone. Ik ha altyd miend dat in drone in fleantúchje sûnder piloat wie. Ik ha tagelyk ek leard dat in fleantúch net ûnder wetter fleane kin, dan fersûpt it fleantúchje. In ûnder wetterdrone is dus gewoan in dûkboatsje dêr’t net ien yn sit en wat se op ôfstân betsjinje kinne. Deryn allegear apparatuer om te sjen hoe hyt as it wetter op 1.70 fan de wâl yn De Tynje is en oft dat wêzentlik ferskilt fan 2.10 út de wâl yn de Nauwe Saiter. En miskien begjint dat ding mei in reade alarmknop te blazen as it in bever sjocht, want dy meie Fryslân net yn fan it wetterskip. Neffens my swimt dy bever hiel hurd fuort foar dy dûkboat. Mar dat ding hat alderhande sensoaren, kin net inkeld sjen as der in fisk fertize sit yn de fûken fan de fisker, mar it is fansels benammen bedoeld foar ûndersyk nei de kwaliteit fan it wetter. Eartiids namen je in klompe fol út de feart en dronken dat op en dan hiene je in oardiel. Tsjintwurdich rop je dy drone op, en dy seit: jo kin dit wetter wol drinke, mar it wurdt smoarch yn dy klompen fan jo, want jo ha grouwélige switpoaten.
Guon lju ha útfûn dat je by it rydbewiis heljen ek leare moatte soenen wat je dwaan moatte as je mei de auto it wetter ynride. Eartiids moasten je sitten bliuwe, mar no sizze se dat je der sa gau mooglik út moatte. As we rydeksamen dogge moatte we dus mei de lesauto it wetter ynride en sjen litte dat we der daliks útkomme kinne. It kostet hiel wat auto-ark. Ik ha in hiel simpele oplossing. As ik mei de auto it wetter ynryd dan pak ik myn mobile telefoan en belje ik mei it wetterskip as se dy drone op my ôfstjoere wolle. Dan wachtsje ik geduldich oant dy komt. Je moat yn de moderne tiid meigean no."