Klimaat hat ynfloed op kwaliteit fan it reid

13 jul 2016 - 08:10
  • Reiddekkers

It Europeeske reid hat te lijen ûnder de klimaatferoarings. We ha hast gjin strange winters mear, en krekt froast soarget der foar dat reid foar it meanen goed ôfstjert. It reid dat no brûkt wurdt is faak te wiet, en dat hat skimmel ta gefolch. De grutste ymporteur fan ús lân hellet it reid tsjintwurdich út Sina, en dy kwaliteit is wol goed. Yn Fryslân wurdt noch net safolle Sineesk reid op de dakken lein, mar dat koe wolris feroarje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)