Heeringa nimt funksje oer fan wethâlder Dijkstra fan Skier

12 jul 2016 - 21:47

Waarnimmend gemeentesekretaris Ger Heeringa fan Skiermûntseach sil wethâlder Jan Dijkstra opfolgje. Dijkstra, dy't foar DS'10 (Democraten Schiermonnikoog) yn it kolleezje sit, stapt per 1 septimber op. Hy sit oer guon saken net op deselde line as de rest fan it kolleezje.

Heeringa sil it wurk op 1 septimber oernimme en fiert oant dy tiid noch syn wurksumheden as gemeentesekretaris út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)