Nyk de Vries krijt Piter Jellespriis foar 'Renger'
Fries om utens Nyk de Vries krijt dit jier de Piter Jellespriis útrikt foar syn Nederlânsktalige roman 'Renger'. De Vries, dy't opgroeide yn Noardburgum mar no yn Amsterdam wennet, skreau in boek oer it libben yn de Fryske Wâlden.
Yn de roman krijt de haadpersoan, in Amsterdamske skriuwer dy't opgroeide yn Fryslân, in lift oanbean fan de mysterieuze Renger. Dy nimt him mei nei Fryslân en Grins, nei it hert fan syn jeugd.
De sjuery, besteande út sjoernalist Sjoerd IJbema, biblioteekmeiwurker Hinke Wiersma en boekhanneler Ronnie Terpstra, is benammen te sprekken oer de pakkende wize wêrop't De Vries de sfear fan it arbeidsmiljeu yn de Wâlden wit del te setten. De Vries krijt op 28 augustus in oarkonde en in jildpriis fan 2.500 euro útrikt.