Looijenga yn Masedoanië: "Ik soe ek tsjin de regearing wêze"

''As ik Masedoaniër wêze soe, dan soe ik ek partij kieze tsjin de regearing.'' Dat seit skriuwer en taalkundige André Looijenga út Tersoal. Hy is acht wiken yn Masedoanië foar Oare Wurden, in projekt fan Tresoar oer minderheidstalen, en kaam moandei yn in demonstraasje yn Skopje telâne.
"De demonstranten makken in soad lûd, se fluiten, songen lieten en rôpen leuzen nei de regearing. Dernei wiene der in pear minsken dy't mei fervebommen tsjin it ministearje oan goaiden. De demonstranten nimme harrensels ek de kleurige revolúsje.''
Korrupsje
De demonstraasjes binne der al sûnt april en binne rjochte tsjin de regearing fan Masedoanië. "Minsken ergerje har bot oan de korrupsje yn it lân. En der is boppe wetter kaam dat de regearing in hiel soad minsken ôfharke hat. Fierder hat de regearing de ôfrûne jierren in hiel soad jild fuortsmiten mei it bouwen fan pronkerige monuminten'', sa seit Looijenga
Hy fernimt sels ek dat in soad iepenbiere ynstellingen yn Masedoanië net wurkje sa as je dat ferwachtsje soene. "Mar net alle minsken doare der wat fan te sizzen. In hiel soad minsken binne hjir hiel ôfhinklik fan harren kontakten mei de regearing om in baan te krijen. Dy sille gjin krityk leverje, ek al sjogge sy ek wol dat it net goed giet.''