Plysje Ljouwert nimt falske biljetten fan 50 euro yn beslach
De plysje warskôget foar falsk jild yn Ljouwert. Ofrûne wykein waard der yn Ljouwerter hoarekagelegenheden mei fjouwer falske biljetten fan 50 euro betelle. Mooglik is der faker mei neimakke biljetten betelle.
De plysje hat it papieren jild yn beslach naam en ropt minsken op om wach te wêzen.