Asylsikerssintra sette doarren iepen foar besikers

It azc yn Burgum © Omrop Fryslân
De azc's fan Sint-Anne, Burgum en Drachten sette op sneon 24 septimber de doarren iepen. Se dogge mei oan in lanlike iepen dei fan azc's. Belangstellenden kinne sa in yndruk krije fan hoe't it is om yn in asylsikerssintrum te wenjen of te wurkjen.
De iepen dei is in inisjatyf fan it Centraal Orgaan Opvang Asielzoekers en Vluchtelingenwerk Nederland. Ferline jier wie der foar it earst sa'n iepen dei. Dy luts 15.000 besikers.