FIDEO: Fryske ballonfeart yn 'e problemen

12 jul 2016 - 17:45

It is in fantastysk byld, yn in ballon boppe Fryslân sweve en genietsje fan it lânskip. Mar de koer moat hieltyd faker op 'e grûn bliuwe, want it giet net goed mei de Fryske ballonfeart.

Hieltyd faker kinne ballonnen net de loft yn troch it ekstreme waar, mei swiere rein- en tongerbuien. Dêrtroch rinne de ferskate bedriuwen al in oantal jierren ynkomsten mis. Ek de krisis en de konkurrinsje fan oare goedkeape útstapkes meitsje it wurk foar de ballonfarders der net makliker op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)