Man bedriget twa froulju

© Omrop Fryslân
In 40-jierrige ynwenner fan Kollumersweach is yn de nacht fan freed op sneon oanhâlden yn Wolvegea foar fernieling, bedriging en húsfredebreuk. De man kaam sûnder tastimming in wenning fan in 27-jierrige ynwenster fan it doarp yn. Doe't de frou hem frege fuort te gean die er dat net. Sy belle dêrop 112.
Nei in skoftke gie de man fuort. Hy gie nei in wenning oan de Govert Flinckstrjitte dêr't er in oare frou bedrige. Beide slachtoffers hawwe oanjefte dien.