Provinsje wol net besunigje op feiligens yn trein en bus

12 jul 2016 - 14:55

De provinsje Fryslân sil foar de kommende konsesjes foar it iepenbier ferfier net besunigje op feiligens yn bus en trein. Neffens de provinsje is it sosjale feiligensprobleem yn ús provinsje relatyf sjoen lyts en moat dat sa bliuwe. Dat stiet yn de Nota van Uitgangspunten dy't tiisdeitemiddei presintearre is.

It busferfier yn hiel Fryslân sil fan 2020 ôf yn hannen fan ien ferfierder wêze. Troch Fryslân as gehiel oan te bieden tinkt de provinsje bettere ôfspraken meitsje te kinnen mei de ferfierder. Sa hopet se mear te krijen foar minder jild.

De provinsje wol yn elk gefal behâld fan it hjoeddeiske nivo. Ek it treinferfier wurdt yn 2020 wer op nij yn de merk set. Ek dêr wurdt ynset op behâld fan wat der no is, mar wol moat der ûnder oaren in ekstra trein komme tusken Ljouwert en Snits en moat de trein tusken Harns en Ljouwert om de 30 minuten ride. 

De treinkonsesje rint fyftjin jier, de buskonsesje tsien jier. Treinen wurde sjoen as de haadferbiningen, dêr't bussen sa goed as mooglik op oanslute moatte. Dêrby wurdt ek sjoen nei maatwurk, lykas in doarpsdielauto, doarpsbuske of digitale liftsintrales. Dy moatte soargje foar in bettere berikberheid fan it plattelân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)