PvdA stapt út koälysje Achtkarspelen

12 jul 2016 - 11:30
  • De riedseal fan de gemeente Achtkarspelen

De PvdA Achtkarspelen stapt út de koälysje mei FNP en GBA. Reden foar it opstappen is dat it fertrouwen yn koälysjepartner FNP fuort is. Dat soe benammen te krijen ha mei de diskusje oer de begrutting fan it sosjaal domein. De gemeente hâldt dêr jild oer.

Yn in earste reaksje jout de PvdA oan dat benammen de wize wêrop't de FNP in moasje oer de besteging fan dat jild yntsjinne, ferkeard fallen is. De fraksje komt yn de rin fan de dei mei in folsleine ferklearring. Oant dy tiid wol fraksjefoarsitter Theun Nicolai gjin útlis jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)