Ynbrekkers op 'e died trappearre yn Ljouwert

12 jul 2016 - 08:49
  • Wenningynbraak

In tsjûge hat moandeitenacht twa ynbrekkers op 'e died trappearre op it Zwenkgras yn Ljouwert. De man seach ien fan de ynbrekkers stean op in dakje boppe de foardoar en rôp him nei ûnderen te kommen. Tagelyk kaam der in twadde man fia in iepenbrutsen rút út de wenning. De mannen seine dat der neat oan de hân wie en naaiden dêrnei út.

It giet nei alle gedachten om twa East-Europeanen. It is net dúdlik wat der krekt stellen is. De plysje freget oare tsjûgen om har te melden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)