Plysje nimt rydbewizen yn fan trije hurdriders

11 jul 2016 - 23:00
  • rydbewiis

It ferkearsteam Noard-Nederlân hat moandeitejûn trije rydbewizen ynnaam fan automobilisten dy't te hurd gongen. In 40-jierrige automobilist fan Drachten ried it hurdst. Op de N381 by Wynjewâld gong er 171 kilometer yn 'e oere, dêr't 100 it maksimum is.

Op de Koaiwei by Offenwier waarden twa bestjoerders oanhâlden. In 25-jierrige Grouster ried dêr 50 kilometer yn 'e oere te hurd en in 47-jierrige Jirnsumer 53 kilometer. De maksimum snelheid op de Koaiwei is 60 kilometer yn 'e oere. Alle trije bestjoerders moasten it rydbewiis dus ynleverje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)