Plannen foar mear dongfergisters yn Fryslân

Yn Fryslân sille nei alle gedachten yn de kommende jierren ferskate dongfergisters fan in nij type boud wurde. De earste dêrfan is moandei offisjeel yn gebrûk naam op de Dairy Campus yn Ljouwert.
Der bestean fiergeande plannen foar noch trije ynstallaasjes: yn Ljouwert op de Schenkenschans, yn Harns en yn Koatstertille. Dy sille alletrije in stik grutter wêze as de ynstallaasje op de Campus. Ek op oare plakken wurdt der wurke oan plannen. It grutste foardiel fan de nije fergisters is dat se effisjinter binne en jild opsmite.
Njonken dong kinne der bygelyks ek takken yn ferwurke wurde. Sa kin der mear biogas produsearre wurde út dong, gers en oar organysk materiaal, dat gewoanwei op de kompostbult bedarret. En dat is by de typen fergisters dy't oant no ta foaral op boerehiemen steane faak net it gefal.
De fergisters wurde makke op basis fan in Amerikaansk konsept dat hjir yntrodusearre is troch ûndernimmer Piet van der Hoop.