UPDATE: Untromming Talma State Heech foarby, gjin gaslek fûn

12 jul 2016 - 00:46
  • Soarchsintrum Talma State yn Heech

It hat wat fuotten yn de ierde hân en net elkenien leit op syn eigen keamer, mar de ûntromming fan Talma State yn Heech is foarby. It fersoargingstehûs waard moandei oan it begjin fan de jûn ûntromme fanwegen in mooglike gaslekkaazje.

Yn alle gefallen mochten santjin bewenners om middernacht hinne wer werom nei harren appartemint. Fan de oare sân bewenners moast doe it appartemint noch kontrolearre wurde. De brânwacht hat witte liiten dat der gjin skealike stoffen fûn binne.

De brânwacht hat earder moandeitejûn opskeald nei GRIP 1, omdat mooglik it folsleine fersoargingshûs ûntromme wurde moast. Neffens in wurdfierder fan de brânwacht wie it út foarsoarch dat der opskeald wie. In folsleine ûntromming is útbleaun. Alle bewenners waarden om 22:30 oere hinne noch hieltiten opfongen yn de rekreaasjeseal fan it sintrum. Wat der krekt oan de hân wie, is net dúdlik.

Meiwurkers ha de brânwacht warskôge omdat se tochten dat se gas rûkten. Brânwachtminsken ha tegearre mei meiwurkers fan it enerzjybedriuw Liander socht nei in gaslek, mar dat is net fûn. Neffens in wurdfierder fan de brânwacht ha der earder op de dei wurksumheden oan it dak west en is dêr lym by brûkt. Mooglik ha lymresten derfoar soarge dat de melder ôfgie.

Gecoördineerde Regionale Incidentbestrijdings Procedure (GRIP) is de namme fan de wurkwize dêr't mei bepaald wurdt hoe't de koördinaasje tusken de helpferlieningstsjinsten ferrint. By in GRIP1-sitewaasje is der in goede ôfstimming fan helptsjinstren nedich. Normaal is GRIP0. GRIP5 is in grutte ramp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)