Claudy Jongstra siket nije namme foar har studio

11 jul 2016 - 21:20

Studio Claudy Jongstra krijt nei tweintich jier in oare namme. De keunstneres út Spannum, dy't ynternasjonaal bekend is mei har monumintale wurken fan filt, wol ôf fan har imago fan 'filtkeunstneres'. Sy neamt har sels leaver 'farmer, alchemist and artist', oftewol boer, ferveminger en keunstner.

It sunich omspringen mei de ierde en it lânskip stiet by Jongstra op de foargrûn. De wol dy't se brûkt komt fan Drintske heideskiep. De pigminten dêr't se de wol mei kleuret, hellet se út planten dy't ferboud wurde op in stik lân by Húns.

Claudy Jongstra wol in nije namme omdat se net allinnich wurket, mar mei in grutte groep kreative minsken. Hoe't Studio Claudy Jongstra komt te hjitten, is noch net bekend.

Silver Medal

Yn maaie fan dit jier wûn Jongstra in Silver Medal op de Chelsea Flower Show yn Londen, de belangrykste túnshow fan de wrâld. Sy hie in tún makke mei fervegewaaksen út Nederlân.

Adele en Brad Pitt

It meast resinte wurk dat se makke hat, is foar it Wetterskipsgebou yn Ljouwert. Op dit stuit wurket se oan keunstwurken foar de Anthonie van Leeuwenhoekklinyk yn Amsterdam, de rjochtbank fan Amsterdam en in kantoar yn Chicago. Bekende artysten as Adele en Brad Pitt hawwe wurk fan Claudy Jongstra yn 'e hûs.

Yn it Fries Museum is in eksposysje fan har wurk te sjen oant 8 jannewaris.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)