Twizeler camping De Wedze is 20.000e camperplak

Camping De Wedze yn Twizel
De SVR-camping De Wedze yn Twizel is moandei as tweintichtûzenste camperlokaasje yn Europa taheakke op de webside Campercontact.com. Dat seit de NKC, de grutste camperklup fan Europa.
Mei de camper mei fakânsje wurdt hieltiten populêrder. It tal leden fan de camperklup is de ôfrûne seis jier ferdûbele. De klup hat no sa'n 40.000 leden. Ek wurde der hieltiten mear campers ferkocht. Op de webside kinne brûkers nije camperlokaasjes taheakje, foto's delsette en beoardielingen efterlitte.
Yn Dokkum is koartlyn it fernijde camperplak oan de Van Kleffenstrjitte feestlik iepene. Der binne in soad foarsjenningen foar wettersporters realisearre, wêrûnder fernijde sanitêrgebouwen, dêr't minsken mei in camper yn de simmer fergees gebrûk fan meitsje kinne. It camperplak oan it Kalkhûsplein is opheft, sa meldt de NKC.