Measte Nederlanners iens mei Buma: Tsjinstplicht moat werom

11 jul 2016 - 17:57
  • Leger

Ut ûndersyk fan Maurice de Hond docht bliken dat 62 prosint fan de Nederlanners it in goed plan fynt om de tsjinstplicht opnij yn te fieren. Dizze minsken binne it dus iens mei partijlieder Sybrand Buma fan it CDA. Dy stelde foarige wike foar om de plicht nei tweintich jier wer ien te fieren.

Buma tinkt dat it in prima manier is om benammen probleemjongeren wer op it goeie paad te bringen. PvdA, VVD, SP, PVV en D66 fine dit net in goed plan, mar it grutste diel fan de Nederlânske befolking dus wol.

Ferrast

'Ik ben verrast door dit percentage. Het is een heel belangrijk cijfer, die 62 procent. Door de andere politieke partijen werd het voorstel afgewezen, maar in de samenleving is er dus grote steun voor. Uit het onderzoek blijkt ook dat de mensen zien dat de polarisatie, de individualisering in de maatschappij te ver is doorgeschoten. Deze dienstplicht moet verbinding brengen en jongeren laten zien dat het heel normaal is iets voor elkaar te doen', sa seit Buma.

'Gjin taak foar definsje'

Wethâlder Joop Bekkema fan Frjentsjerteradiel fynt it foarstel fan Buma net in goed plan: "Jongerein op it rjochte paad bringe, is gjin taak foar definsje." Hy moast eartiids ek yn tsjinst en waard dêrnei Starfighter en F-16 piloat. "De definsje is dêr hjoed-de-dei net op ynrjochte. We ha in beropsleger: de funksjes binne hiel spesjalistysk. Is soe allinnich kinne by ôfdielingen as bygelyks de keuken of de befeiliging."

Bekkema wol graach in oare foarm fan tsjinstplicht. "Ik soe it hiel goed fine as jongerein in tiid de maatskippij tsjinje moatte, mar dan by soarchynstellingen bygelyks. En it moat net beheind wurde ta probleemgefallen." Dat de tsjinstplicht breder lutsen wurde kinne soe, is Buma mei Bekkema iens. "De dienstplicht zou bijvoorbeeld ook in de zorg of bij de politie uitgevoerd kunnen worden."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)