Mear as hûndert bekeuringen útdield op N31 en N33

11 jul 2016 - 17:13

De plysje hat de ôfrûne twa wiken mear as hûndert bekeuringen útdield bij kontrôles op de N31 en de N33 yn Fryslân, Grinslân en Drinte. De measte minsken krigen in bon omdat se te hurd rieden. Seis kear rekke ien it rydbewiis kwyt omdat dy mear as fyftich kilometer te hurd gie.

Op it stuit kontrolearret de plysje ekstra op dizze twa ryksdiken, omdat út ûndersyk bliken dien hat dat mear as de helte fan de autobestjoerders dêr hurder rydt as it maksimum fan hûndert kilometer yn 'e oere.

Trefwurden: 
bekeuringen N31 N33
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)