Eaststellingwerf wol tydlike sinnepanielfjilden oanlizze

11 jul 2016 - 17:03
  • Sinnepark

De gemeente Eaststellingwerf hat subsydzje krigen om tydlike sinnepanielfjilden oan te lizzen. De gemeente wol dy ûntwikkelje yn gearwurking mei it bedriuw GroenLeven-Zonneparken BV. Yn totaal soe it gean om 26 MegaWatt stroom, genôch foar 7500 húshâldens.

Eaststellingwerf moat noch op syk nei foldwaande plak foar de sinnepanielefjilden. De gemeente sil yn oktober yn petear mei de ynwenners oer mooglike lokaasjes.

"Er zijn een aantal kansrijke locaties in beeld, maar die totale oppervlakte brengt nog niet de gewenste 26 MegaWatt aan energie op. Ooststellingwerf gaat komende zomer met GroenLeven uitzoeken hoe en met welke locaties de volledige 26 Megawatt opgewekt kan worden", sa seit wethâlder Hans Welle. "De gemeente vindt samenwerking een belangrijk instrument voor duurzame ontwikkeling. Het is doorslaggevend dat we de keuze voor zonne-energie samen met inwoners maken."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)