FB Oranjewoud wurdt nije oandielhâlder Royal Jongbloed

11 jul 2016 - 16:46
  • Herman Jongbloed, direkteur Lenard Wolters fan Royal Jongbloed en foarsitter Jan de Vries fan Landgoed Oranjewoud Participaties B.V.

Grafysk bedriuw en útjouwerij Royal Jongbloed fan It Hearrenfean hat in nije oandielhâlder: Landgoed Oranjewoud Participaties BV. Dit is in dochterûndernimming fan FB Oranjewoud, in partisipaasjemaatskippij dy't as doel hat om it ekonomysk klimaat en foaral de wurkgelegenheid te befoarderjen.

FB Oranjewoud ynvestearret net allinnich jild yn Jongbloed, it stelt ek syn netwurk en kennis beskikber, sadat de drukkerij dêr fan profitearje kin.

Royal Jongbloed rjochtet him op de kristlike merk. It bedriuw is wiis mei de nije oandielhâlder. "Met deze bijdragen kunnen we nog sterker inzetten op onze unieke combinatie van drukken, binden en uitgeven en onze concurrentiepositie zowel nationaal als internationaal versterken. Daarbij willen wij onze naam ook verbinden aan duurzame/missionaire projecten en landen waar de bijbel nog niet in het bezit is van de gewone man of vrouw", sa seit Lenard Wolters, algemien direkteur fan Royal Jongbloed.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)