Snitser soarchsintrum De Ielânen krijt Max Mobiel

11 jul 2016 - 15:59

Wensoarchsintrum De Ielânen yn Snits hat moandeitemiddei in Max Mobiel krigen. Dat is in lytse elektryske auto dêr't kliïnten mei in sjauffeur nei famylje of bysûndere plakjes yn de omjouwing kinne. De Ielânen hat de Max Mobiel wûn mei in priisfraach fan soarchfersekerder De Friesland.

Mei de priisfraach koene minsken soarchynstellingen nominearje wêrfan't sy fûnen dat dy sa'n auto fertsjinnen. By de stimming kaam Patyna, de memme-organisaasje fan de Ielânen, as winner út de bus en dy hat besletten de auto yn Snits te brûken.

Trefwurden: 
De Ielânen Max Mobiel Patyna
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)