Crowdfunding stifting Oan 'e Dyk smyt al 7.000 euro op

11 jul 2016 - 13:59

De jildsammelaksje fan stichting Oan 'e Dyk yn Peazens-Moddergat hat oant no ta mear as 7.000 euro opsmiten. Mei noch sân dagen te gean, sit de stichting dêrmei op 95 prosint fan it bedrach dat nedich is om in eigen ûnderkommen te keapjen.

De stichting sit no yn it bygebou fan de âlde tsjerke yn it doarp, mar it tsjerkebestjoer wol it lokaal ferkeapje. De stichting, bekend fan de Waadkuiertochten, hat it rjocht fan earste keap en mei yn terminen betelje. Provinsje en gemeente hawwe al 12.500 euro tasein. Der is yn totaal 50.000 euro nedich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)