Joop Alberda per direkt fuort by swimbûn KNZB

11 jul 2016 - 12:41

Joop Alberda leit syn taken as technysk direkteur fan it swimbûn, de KNZB , per direkt del. De 64-jierrige ynwenner fan Easterwâlde seit dat er in ferskil fan ynsjoch hat yn it management fan de nasjonale ploech.

It beslút fan Alberda falt fjouwer wike foar de Olympyske Spelen yn Rio de Janeiro. De Spelen hienen it lêste toernoai foar him wêze moatten. Earder hie er al oanjûn syn ôfrinnende kontrakt net ferlinge te wollen.

Neffens Omrop Brabân is Alberda net opstapt, mar ûntslein. Ferskate coaches, swimmers en begelieders soene it opstappen easke ha, neidat bekend wurden wie dat Alberda ien fan it swimbûn besocht fuort te wurkjen, sa meldt Omrop Brabân.

Trefwurden: 
Joop Alberda swimbûn KNZB
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)