Mollema ferlinget kontrakt by Trek-Segafredo

11 jul 2016 - 10:41
  • Bauke Mollema gie solo oer de einstreek yn Donostia/San Sebastián

Hurdfytser Bauke Mollema hat syn kontrakt by de Amerikaanske ploech Trek-Segafredo mei twa jier ferlinge. Dat hat de Ljouwerter moandei befêstige. Neffens Mollema is hy goed op syn plak by de ploech en is hy bliid mei syn nije kontrakt.

"Dit geeft rust'', sa seit Mollema, dy't op it stuit op it sânde plak stiet yn it algemien klassemint fan de Tour de France.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)