51-jierrige Ljouwerter mishannele yn de Prinsetún

© Omrop Fryslân, Andries Bakker
De plysje yn Ljouwert siket tsjûgen fan in mishanneling sneintejûn yn de Prinsetún. In 51-jierrige Ljouwerter waard dêr mishannele. De plysjes fûnen de man yn it park. Hy hie bloed yn syn gesicht en dêrneist wie in tosk fan syn keunstgebit ôfbrutsen. De man hie ek lêst fan syn rêch en hie muoite mei it sykheljen.
It slachtoffer is foar behanneling nei it sikehûs brocht.