Kollum: "Bin ik no gek?"

11 jul 2016 - 08:35
  • De Toan fan Nynke van der Zee

Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.

"Somtiden brekt my de klompe as ik de krante lês. Sa kaam ik ôfrûne wike in berjocht tsjin dat steatssekretaris Martijn van Dam in miljoen beskikber stelt foar saneamde ‘weidecoaches’. Dit binne deskundigen dy’t boeren leare moatte hoe’t se de kij bûten yn ‘e greide rinne litte kinne. Ja wier. As oft boeren sels net mear witte hoe’t soks moat.

Hoe tinkt dy Van Rijn eins dat it der op in boerebedriuw om en ta giet? Dat al dy boeren mei de hannen yn it hier sitte no’t it moai waar is, om’t se net mear witte hoe’t de kij ek mar wer nei bûten moatte? Hoe wie it ek mar wer? Earst de stâldoar iepen, dan de tried sette. O nee, earst de tried sette fansels en dan de stâldoar iepen. Minsken, dit is toch fan de gekke?

Stel, do bist timmerman en der komt samar ynienen in ‘spikercoach’ by dy op ‘e steiger stean om dy te fertellen hoe’sto dy spiker it bêste yn in stik hout ramme kinst. Dan tinkst toch ek: soademiterje efkes in ein op, fint. Sterker noch; gjin timmerman dy’t überhaupt noch mei spikers omrint. It binne tsjintwurdich allegearre rvs skroeven. Mar nee, seit de spikercoach, do moast wer âlderwetsk spikerje. Want, en no komt it, dat fine De Minsken moaier.

Want litte we earlik wêze: dat is wêr’t it by kij yn de greide úteinlik ek om giet. Om De Minsken. De Minsken fine it moai om yn de maitiid en de simmer kij yn it lân te sjen. Mar krekt as by in timmerman is it somtiden finansjeel better, praktysker en duorsumer om te skroeven yn stee fan te spikerjen. En sa is it mei boeren ek. Somtiden is it finansjeel better, praktysker en duorsumer om de kij op stâl te hâlden. Net allinnich foar de beurs fan de boer, mar ek foar de sûnens fan de ko.

Myn foarstel foar sa’n spikercoach slacht dan ek nearne op, dat snapt elkenien. In timmerman rêdt himsels wol en wit sels it bêste wat er dwaan moat. Mar as de steatssekretaris mei it plan foar in ‘weidecoach’ komt, stimt de hiele Keamer der mei yn. Sterker noch, der wurdt in miljoen foar frij makke. En dat is no krekt it euvel. As it om boeren giet, wurdt der metten mei twa maten.

Nim bygelyks de boeren yn Brabân en Limboarch, dy’t troch it minne waar yn juny hiele stikken lân mei griente ferlearen. Komplete rispingen foelen letterlik yn it wetter. It gefolch: miljoenen oan skea.

Spitich, seit it ryk, mar dêr hiene jim jim tsjin fersekerje kinnen. Dus is der gjin finansjele kompensaasje foar dizze boeren. Dat is no ienkear it ûndernimmersrisiko dat by it fak heart. Tagelyk komt minister Jet Bussemaker dyselde moanne mei in nij needfûns, dat organisatoaren fan festivals temjitte komt as harren festival of konsert troch rein en min waar yn it wetter falt. Huh, mar dat is dan toch ek in ûndernimmersrisiko? Dat is toch presys itselde? Of bin ik no gek?

Al dy regeltsjes foar de boeren soene ek ris krekt oarsom jilde moatte. Dat wy tsjin dy Haagske politisy sizze: jim moatte fan no ôf bûten fergaderje yn de sûne bûtenloft. Dat is better foar jim. En boppedat fine De Minsken dat hartstikkene leuk. Om jim ris yn it echt te sjen; ús skarrelpolitisy. Ja, ek mei min waar, hurde wyn of yn de gleone sinne, gewoan lekker mei syn allen nei bûten. Net oanstelle, dat is no ienkear wat De Minsken wolle.

Ach, miskien besjoch ik it allegearre te swart-wyt. Dat krijst fansels al gau mei kij. Mar bûnter moatte se it dêr yn Den Haag toch echt net meitsje."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)