Stichting easket opnij dat de REC fuortendaliks slút

De REC yn Harns © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De Stichting Afvaloven Nee easket opnij dat de REC - de Reststoffen Energie Centrale - yn Harns fuortendaliks ticht giet. Neffens de stichting wist Omrin dat de skoarstien fan 44 meter te leech is, omdat no bekend wurden is dat de fundearring makke is foar in piip fan 70 meter.
Berekkeningen toane lykwols oan dat ek 70 meter te leech is om alle ôffalstoffen goed ôf te fieren. Omrin hat altyd sein dat de reekgassen mei sa'n gong út de skoarstien komme, dat se noch wol 50 meter omheech gean foardat de gassen har ferspriede.
Schrier
Deputearre Schrier wol mei Omrin nei in piip fan 70 meter heech. De stichting fynt it nuver dat de deputearre wurk docht foar Omrin, omdat hy koartlyn troch de steaten op it matsje roppen is, fanwegen in brief fan Omrin oan de provinsje, dêr't hy sels oan meiskreaun hie. De stichting beriedt him op aksjes en claims.