Gemeenteried Ljouwert bepraat takomst Blokhúspoarte

11 jul 2016 - 06:33

De gemeenteried fan Ljouwert wol fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders witte hoe't it mei de Blokhúspoarte komt. Hast twa jier lyn is in moasje oannommen dy't fan de hierders frege in rendabel sintrum fan de Blokhúspoarte te meitsjen. De fraksjes krije no sinjalen dat der belangrike hierders fuort driigje te gean en se wolle witte oft dat sa is. Ek hawwe se de yndruk dat der minder eveneminten binne, no't de ferbouwing oan de gong is.

Boppedat fine se it in miste kâns dat by eveneminten yn it wykein it ynformaasjesintrum fan Kulturele Haadstêd ticht is.

Trefwurden: 
Blokhúspoarte Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)