Jongeren foar de Sintrale As

Inkele tsientallen jongeren út Noardeast-Fryslân binne in aksje begûn om de tsjinstanners fan de Sintrale As te kearen. Neffens de jongeren is de Sintrale As fan grut belang foar de regio.
De jongeren hawwe har ferienige ûnder de namme Gun ons die As. Se fersette har tsjin de aksjegroep Better As. Dy besiket fia in boargerinisjatyf de oanlis fan de Sintrale As wer op de politike aginda te krijen.
Neffens Better As kin de dyk ienfâldiger en dêrmei goedkeaper útfierd wurde. De jongeren wolle graach yn de regio wenjen bliuwe en in flugge ferbining hawwe mei plakken lykas Drachten en It Hearrenfean.