Bauke Mollema tefreden oer earste Tour-wike

10 jul 2016 - 19:26
  • Bauke Mollema gie solo oer de einstreek yn Donostia/San Sebastián

Hurdfytser Bauke Mollema is tefreden oer de earste wike yn de Tour de France. Hy sjocht út nei de earste rêstdei, dy't moandei is, mar hat ek sin oan de rest fan de Tour. "Ik vind dat ik een hele goede week achter de rug heb."

Yn de keninginnerit yn de Pyreneeën kaam Mollema as 18e oer de finish, mear as seis minuten achter winner Tom Dumoulin, mar wol ticht achter klassemintslieder Chris Froome. Op de lêste klim besocht Mollema noch om fuort te riden út de groep klassemintsriders, mar dat slagge net.

Hy stiet no op it sânde plak yn it algemien klassemint op 44 tellen fan Chris Froome.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)