Winst yn Boalsert giet nei it partoer Johan van der Meulen

10 jul 2016 - 16:41
  • It winnende partoer yn Boalsert

De frije formaasje keatspartij foar manlju yn Boalsert is snein wûn troch Johan van der Meulen (kening), Alle Jan Anema en Hylke Bruinsma. Sy woenen yn in minne finale fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger mei 5-4 en 6-4. De 3e priis wie foar Tjisse Steenstra, Jacob Wassenaar en Cornelis Terpstra.

De finale wie net bêst, it partoer fan Van der Bos produsearre 16 bûtenslaggen, mar de reaksje fan Alle Jan Anema wie dúdlik: "In draak fan in finale, mar dêr hawwe wy even gjin boadskip oan, wy ha wûn."

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)