Stichting wol troanrede nei Ljouwert helje

10 jul 2016 - 16:35

Prinsjesdag moat de kommende tiid ek in kear yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert hâlden wurde. Dat hat de Stichting Culturele Herdenkingen in Fryslân oan minister Stef Blok foarlein. It Binnenhof is de kommende fiif jier ticht fanwege in grutte renovaasje. De Twadde keamer hat de minister opdracht jûn om nei in oare lokaasje foar prinsjesdag út te sjen.

De stichting doch de suggestje om de troanrede de kommende fiif jier útsprekke te litten op plakken dy't in histoaryske relaasje hawwe mei de Oranje Nassaus.

Dat binne neist de Grutte Tsjerke fan Ljouwert en de grutte tsjerken fan Breda, Delft, Amsterdam en Den Haag.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)