Spooknota's yn Smellingerlân

28 apr 2012 - 07:38

De gemeente Smellingerlân warskôget har ynwenners foar oplichting. De gemeente hat de ôfrûne tiid ferskate meldings krigen fan minsken dy't troch it bedriuw DS Media benadere wurde foar in fermelding yn de ynternet-gemeentegids. Ut de meldings docht bliken dat de gids net bestiet en dat der spooknota's ferstjoerd wurde.

De gemeente lit witte neat mei de gids te krijen te hawwen. De útjouwer fan de offisjele gemeentegids, en de digitale fariant dêrfan is AKSE Media út Den Helder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)