Zonderland giet nei Rio, Bletterman bliuwt thús

Turner Epke Zonderland giet nei de Olympyske Spelen yn Rio de Janeiro, mar de Ljouwerter Michel Bletterman net. It gymnastykbûn KNGU hat dat snein bekend makke nei de seleksjewedstriden fan sneon op It Hearrenfean.
Bletterman wie yn april noch wol by it Olympysk kwalifikaasjetoernoai yn Rio. De turnploech by de manlju bestiet neist Zonderland út Bart Deurlo, Yuri van Gelder, Jeffrey Wammes en Frank Rijken. Yn it frouljusteam fan bûnscoach Gerben Wiersma heart Céline van Gerner fan It Hearrenfean by de seleksje.
Sanne en Lieke Wevers, Eythora Thorsdottir en Vera van Pol kompleteare it frouljusteam.
Earder pleatsten har ek al in tal Friezen foar Rio. Marit Bouwmeester en Pieter-Jan Postma (silers), Bauke Mollema en Wim Stroetinga (hurdfytsers), Marrit Steenbergen (swimster) en Aletta Jorritsma (roeister) geane nei de Olympyske Spelen.