Nije dongfergister op Dairy Campus wurdt iepene

Dongfergisters Dairy Campus
Op de Dairy Campus yn Ljouwert wurdt moandei in nije fergistingsynstallaasje iepene. Oant twa jier lyn ferwaarme it biogas út dizze dongfergister de Ljouwerter wenwyk Techum. De fergister is no omboud mei in nije Amerikaanske technology.
Sa kin der mear biogas produsearre wurde út dong, gers en oar organysk materiaal, dat gewoanwei op de kompostbult bedarret. It materiaal wurdt foarbewurke en der wurde spesjale baktearjes ynset.
It fergistingsproses is ûntwikkele op de universiteit fan Minnesota mei twa Amerikaanske bedriuwen. It projekt kostet 6 miljoen euro.