Stasjon Swolle skoft ticht

28 apr 2012 - 07:33
  • NS-trein

Treinreizgers moatte de kommende moannen rekken hâlde mei fertraging rûn it spoar fan Swolle. Yn de simmer sille der twa wykeinen lang gjin treinen fan en nei de stêd ride. Op 28 en 29 july, en 4 en 5 augustus wurde bussen ynset om de reizgers te ferfieren.

Yn de tuskenlizzende fiif dagen ride der gjin treinen tusken Swolle en 't Harde. Op 12, 13 en 14 oktober is der ek gjin treinferkear fan en nei Swolle. De tiid sil brûkt wurde om in fjirde perron oan te lizzen foar de Hanzelijn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)