Iennige basisskoale Vegelinsoard slút doarren nei 132 jier

Obs De Stobbestjelp yn Vegelinsoard
De learlingen fan obs De Stobbestjelp yn Vegelinsoard begjinne moandei op in oare skoalle. Harren eigen skoalle giet ticht. De doarren fan de iepenbiere basisskoalle mei 21 learlingen slute kommende woansdei nei 132 jier. Dit wie de iennige basisskoalle yn it doarp en dêrom moatte de bern útwike nei omlizzende doarpen.
De measte learlingen gean nei It Haskerplak yn Aldehaske. Neffens direkteur fan De Stobbestjelp Bert Kampherbeek is it yngripend foar de bern om fan skoalle te feroarjen. Se binne no harren feilige plakje kwyt.
De direkteur wol dêrom de oerstap sa goed mooglik dwaan. Dat is de reden dat de bern moandei al efkes nei harren nije plak gean.