Nije ôfspraken mei minister Hennis oer lûdsoerlest F-35

10 jul 2016 - 10:36

De Twadde Keamer hat dizze wike mei minister Hennis-Plasschaert fan Definsje nije ôfspraken makke oer de lûdsoerlêstproblemen fan de nije strieljager F-35. Der binne twa moasjes yntsjinne. D66 wol dat bern dy't yn de buert fan de fleanbasis wenje tweintich jier lang ûndersocht wurde op gehoarskea.

De SP wol dat der noarmen komme foar de pykbelesting, dat is wannear't it lûd fan de strieljager op syn hurdst is. Beide moasjes binne op advys fan de minister net oannommen, omdat de stjoergroep Geluid F-35 dy saken al ûndersykje sil.

Ek in permanint lûdsmjitnet makket diel út fan it ûndersyk nei de lûdsoerlêst. Fia de stjoergroep jout de minister de befolking yn de buert fan de fleanbasis in grutte rol om de lûdsoerlêst safolle mooglik te beheinen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)