Bart Helmholt wint ljepperij yn Bûtenpost

09 jul 2016 - 21:59
  • Fierljepper Bart Helmholt yn Bûtenpost

Bart Helmholt hat sneontejûn it fierljeppen yn Bûtenpost wûn. Hy sprong yn de finale in ôfstân fan 20.15 meter. Dêrmei hat er syn fiifde oerwinning dit seizoen te pakken, ien mear as klassemintlieder Nard Brandsma. Twad waard Age Hulder, de winner fan de A-klasse mei 19.18 m. Sytse Bokma pakte it tredde plak (18.33).

By de jonges gie de titel ferrassend nei Minne Smit út Winsum. Hy ljepte in nij persoanlik rekôr fan 16.07. Flak dêrachter kaam Hessel Haanstra fan Warkum mei 16.06 en tred waard Sytse van der Meer út Heech mei 15.90 meter.

De rest fan de topklassers koe gjin potten brekke. Nard Brandsma syn sprongen komme net yn de útslaggen foar, hy hie twa wietsprongen en ien kear kaam hy bûten de sektor. Oane Galama en Thewis Hobma wienen beide blesseard.

By de junioaren wie Freark Kramer fan It Heidenskip baas mei 17.96. Jan Teade Nauta kaam yn de finale noch tichtby mei 17.81. By de froulju wûn Marrit van der Wal mei in sprong fan 15.92. By de famkes ljepte Sigrid Bokma in nij skânsrekôr mei 14.84.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)