Sandor v/d Heide nimt ôfskied

28 apr 2012 - 00:32

Klupikoan Sandor van der Heide hat freedtejûn ôfskie naam fan Sportklup Cambuur. De Snitser hâldt nei dit seizoen op mei betelle fuotbal en giet nei de amateurs fan ONS Snits. Yn totaal spile Van der Heide 10 seizoenen foar Cambuur.

Nei de wedstriid tsjin Telstar waard de oanfierder yn it sintsje set en krige hy in emosjonele eareronde troch it stadion. Van der Heide koe troch in blessuere eins net meidwaan, mar hy foel dochs yn om syn ôfskie glâns te jaan. It is ûnwis oft Van der Heide yn de play-offs noch spylje sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)