SC Cambuur wint fan SC Telstar

09 jul 2016 - 18:52

SC Cambuur hat it tredde oefenduel sneontejûn mei 4-1 wûn fan SC Telstar. De ploegen stienen yn Frjentsjer op it fjild. Krekt nei it begjin fan de wedstriid kaam Telstar al op foarsprong troch in goal fan Fabian Serrarens. Flak foar rêst makke Jergé Hoefdraad de lykmakker op oanjaan fan Erik Bakker.

Nei de tee rûnen de Ljouwerters út. Yn de 61ste minút makke Dominik Masek in treffer út in strafskop wei. Goed tsien minuten letter krige Sander van de Streek de bal yn it net. En Martijn Barto makke it fjirde doelpunt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)