Mollema tefreden mei plak yn 'elitegroepke'

Nei de swiere etappe fan sneon yn de Pyreneeën stelde Bauke Mollema tefreden fêst dat er by it elitegroepke yn de Tour de France heart. De kopman fan Trek-Segafredo kaam yn Bagnères-de-Luchon as njoggende oer de streek yn selskip fan ûnder oare Nairo Quintana en Alejandro Valverde, 13 tellen achter ritwinner Chris Froome. 'Dat was een mooi groepje om bij te zitten', sei Mollema. 'Ik zat bij de beste klassementsrenners. Dat betekent dat ik goed ben.'
Yn it algemien klassemint stiet Mollema tsiende, op 23 tellen fan Froome.