Lêste dei foar Dutch Solar Challenge

09 jul 2016 - 17:50

De Dutch Solar Challenge is sneon wiet einige yn de Prinsetún yn Ljouwert. Dat hie nochal wat konsekwinsjes foar de wedstriid. In soad boaten ha de finish net helle. De fluchste boaten binne as lêste start en krigen dêrtroch ek it measte mei fan it minne waar. Ek sprekke dielnimmers oer fertragingen dêr't sy gjin ynfloed op hienen. Guon binne lulk oer de gong fan saken en it reinde dan ek protesten.

Neffens projektdirekteur Albert Bosscha heart soks wol wat by in sinneboatrace op in dei mei in soad rein.

Klassemint

It like der op dat it klassemint troch it minne waar behoarlik wizige is. Koprinner TU-Delft helle de finish net op tiid. Dêrtroch kaam CLAFIS Victron Energy boppe oan te stean, mar dat wie foardat de sjuery him útsprutsen hie.

De lêste dei fan de Dutch Solar Challenge gie sneon yn Grou fan start. De dielnimmers moasten doe rjochting Snits. Fan dêr út gie it op nei finishplak Ljouwert. De Solar Challenge waard foar de sechsde kear hâlden. De start wie ôfrûne snein yn Amsterdam. De rest fan de wike wiene de sinneboaten te bewûnderjen op De Lemmer en yn Drachten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)