UPDATE: Bestjoerder scootmobyl komt om by ûngelok Surhuzum
Op de Uterwei yn Surhuzum is sneontemiddei in 86-jierrige man út Surhústerfean om it libben kommen. De man siet yn in scootmobyl en kaam yn botsing mei in frachtwein.
De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok. De dyk N358 hat in skoft ôfset west.